't Kleine Krantsje is werom!

Ljouwerts populêre, om 'e oare wike ferskynend, 't Kleine Krantsje makket in come-back op ynternet. Alhoewol gjin nije ôfleveringen, mar mei spesjale tastimming fan de útjouwer Fenno Schoustra, stelt it Histoarysk Sintrum Ljouwert no alle jiergongen online beskikber. Jo kinne frijút troch de âlde krantsjes hinne blêdzje en sykje op artikels en sels op ôfsûnderlike wurden.

De Ljouwerter publisist, leafhawwer fan lokale skiednis en útjouwer Fenno Schoustra fersoarge fan 1964 oant 1997 de útjefte fan it populêre krantsje. It blêd brocht ferhalen en foto’s fan âld-Ljouwert en harren bewenners. Om redenen fan sûnens moast Schoustra yn 1997 der mei ophâlde. Schoustra begûn yn 1964 mei't Kleine Krantsje, nei't er earder al mei in soad súkses foar it blêd 'de Leeuwarder Gemeenschap’ histoaryske ferhalen oer de stêd skreaun hie. 't Kleine Krantsje waard in grut súkses en in begryp by in soad (âld-) Ljouwerters. It tal abonnees wûn oan ta in oantal fan 10.000  yn it lêste jier. De eigentlike lêzersrûnte wie noch folle grutter, want de krante waard troch in soad abonnees trochjûn oan âld-Ljouwerters wêr ek op ‘e wrâld.

In soad wille mei 't Kleine Krantsje…

Klik op'e ûndersteande link om'e tagong ta de krante te iepenjen.

't Kleine Krantsje

Pas op:

Om de kranten besjen te kinnen ha jo de Flash Player nedich (minimaal ferzje 8).
Klik hjir om dizze te ynstallearjen.