De rike skiednis fan de Fryske haadstêd yn foto, kaart en print.

Wolkom by de Byldbank Ljouwert, in inisjatyf fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Op dit plak fine jo tûzenen histoaryske ôfbyldings fan Ljouwert en direkte omjouwing, foar it grutste part ôfkomstich út de kolleksjes fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Op 4 april 2003 waard de earste Byldbank Ljouwert mei mear as 5.000 ôfbyldings presintearre. Op 7 maart 2006 is der yn alhiel fernijde ferzje fan dizze byldbank lansearre. Yn septimber 2008 kamen wy al oer de grins fan 60.000 ôfbyldings hinne. De byldbank lûkt alle dagen mear as in pear hûndert besikers.

Ienfâldich sykjen

Jo kinne mei in stekwurd in ienfâldiche sykfraach ynfolle. Wolle jo in wiidweidige sykfraach ynfiere dan moatte jo mei de knop ″sykje″, boppe yn 'e knoppenbalke, in nij skerm iepenje.



As antwurd op jo sykfraach krije jo it moaiste byldmateriaal op jo skerm, mei in koarte beskriuwing der by. Troch op it ikoantsje mei de fierrekiker te klikken iepenje jo in nij finster dêr’t jo in útfergrutte ferzje yn besjen kinne. As jo mear wolle as allinnich sjen, dan kin dat ek. Fia de bestelmodule - te aktivearjen fia it winkelweintsje ûnder de foto  - kinne jo ienfâldich reproduksjes bestelle fan it materiaal, yn safieren de auteursrjochtlike betingsten dat talitte en der gjin spesifyke ôfspraken mei de makker bestean.As jo it winkelweintsje net ûnder de ôfbylding fine betsjut dat dat it Histoarysk Sintrum Ljouwert net de rjochten hat om in reproduksje te leverjen.

Oan de ynhâld fan dizze webside kinne gjin rjochten ûntliend wurde. It is net tastien om sûnder skriftlike tastimming fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert (parten fan) dizze byldbank te fermannichfâldigjen of iepenbier te meitsjen. It Histoarysk Sintrum Ljouwert behâldt him it databankenrjocht, bedoeld yn kêst 2, earste lid fan de Databankenwet (Stb. 1999, 303) mei klam foar, yn safieren dizze wet net oars bepaalt.

 
Kommunikaasje en bestjoersstipe

De ôfdieling Kommunikaasje en Bestjoersstipe fan de gemeente Ljouwert makket sûnt koarten gebrûk fan de byldbank. Fantastysk moaie ôfbyldings, meastentiids fan it Fotoburo Het Hoge Noorden, wurde opnommen. Yn dit tema krije jo in lyts foarpriuwke te sjen fan it grutte tal foto's.

Projekt Nij Saailân

It bou-sket fan it projekt Nij Saailân is foarsjoen fan histoaryske ôfbyldings út de kolleksje fan it HSL. Yn dit tema ha wy in seleksje fan dy ôfbyldings opnommen.